ViewsWatchersBrowse |
Family tree▼ Facts and Events
Skoalmaster Ofke Johannes (ca. 1580 - 1641) http://home.planet.nl/~jagersma/jagersmaframeset.htm?/~jagersma/jagersma000078.htm#78 Dat Ofke in bern is fan de Johannes Uffckes is baseard op in pear ferûnderstellingen, der binne (noch) gjin bewizen. Dat se besibbens wiene is lykwols oannimlik. Yn earste ynstânsje is der it patronym, Ofke de soan fan Johannes. Ofke is nei alle gedachten yn it tredde fearn fan de 16de ieu berne, en dat past kwa perioade by Johannes Ufkes. De wenplakken, de krite fan Aldegea en Burgum, binne lyk. Ek it berop fan Ofke, skoalmaster, past by it fermidden. Yn earste ynstânsje wie hy fan de hjerst fan 1609 oan 't de hjerst fan 1615 skoalmaster yn Burgum, wêrnei hy oan 't syn dea yn 1641 skoalmaster wie yn Aldegea (S).(3) Skoalmasters wienen krekt nei de reformaasje faak noch katolike geastlikken, die nei 1580 ûnderwizer waarden om wat te fertsjinnen. Hy ûntfong foar syn skoalmasterskip 40,- gûnen it jier. Dit wie net genôch om fan te libjen. Hy sil dus ek oare fertsjinsten hân hawwe moatte. Miskien buorke hy ek, krekt as de measte minsken yn die tyd. t' gerechte gehoordt het v(er)soeck van Sijtse Rijnicx v(er)claren(de) hem onder de 25en iaren, geadsisteert met den Jeremias Broersma, ende t' consent van offcke Joannis wonen(de) t' Bergum, heeft d'selvue geauthoriseert, sulx doen(de) mits desen, tot curatoren lites inde salve, die d' v(oor)s(chreven) Sijtse als ge(tey)ck(nd) heeft voor des. gerechte tegens d' gemene erffgen(amen) van Men(eer) Douue Sibrants, van uelcke cura uel e(nde) getrouwelick te bedienen zijn Offcke den behoorliken ede daer toe staen(de) in handen vande Grietman Feio van Henstra gedaen heeft, folgens welcke hen Offcke voors(chreven) cura gedeeneert is, actus den 30en Maij 1614. autorisatie sytse rienks (55K) ôfbielding op site Op 30 maaie 1614 is hy oansteld as kurator ad lites oer Sytse Rienks. Nei alle gedachten in jongere broer fan syn frou.(4) Noaten 1) As bern fûn op de ynternetside fan Olaus Diebrink. Ik ha der noch gjin fierdere gegevens fan. 2) Insche Ofkes die belidenis yn Aldegea (S) yn 1640. 3) Sannes, Burgum en Aldegea(S). Burgum, blêdside 89. 4) Nedergerjocht Tytsjerksteradiel 31, 118. |