ViewsWatchersBrowse |
Family tree▼ (edit)
Facts and Events
Johannes Ofkes (ca. 1610 - 1680), hôfker http://home.planet.nl/~jagersma/jagersmaframeset.htm?/~jagersma/jagersma000070.htm#70 Dat Johannes Ofkes in soan hie mei de namme Ofke is wierskynlik. As it de Ofke is die yn 1651 belidenis die yn Aldegea(S), wie dizze Ofke gâns âlder dan Rienk Johannes. Hy soe dan foar 1634 berne wêze. Kwa namme is it ek oannimlik dat Rienk in pear âldere broers en susters hie. Earst waarden nammentlik de pakes en beppes ferneamd. It kin ek sa wêze dat de Ofke die in 1651 belidenis die, de heit fan Johannes Ofkes, Ofke Johannes wie. Dit liket net sa oannimlik, om 't Ofke Johannes op 't stuit fan de belidenis op syn minst fyfensantich wie. Fan Johannes Ofkes is net folle bekend. De ôfstamming is inkel op grûn fan de namme, it plak wer hy wenne en oare famyljeleden oannimlik. Hy is út Aldegea(S) wêrom gongen nei Burgum. Nei alle betinken is hy oan it begjin fan de 17de ieu berne, en yn 1679 of koart dernei stoarn. Op de ledelist fan 1679 fan de lidmaten fan Burgum stiet efter syn namme obiit, dit betsjut "stoarn". Hy wie troud mei Sjoerdje Emkes, in earste ynstânsje wennen sy oan de Nijstêd yn Burgum, mar in 1644 koe hy, foar 1200 goudgûnen, in hûs, hof, beamen en planten mei de grûn fan de interie fan syn omke Wigbolt Rienks keapje.(1) Dizze hôf leit yn de Noordermeer yn Burgum. Syn omke en frou krigen derfoar in plak in de keamer yn it efterhûs fan Johannes Ofkes op 'e Nijstêd yn Burgum, beswiere mei 2 goudgûnen pacht it jier oan de earmen fan Burgum. Derneist moast hy in njoggen terminen 600 goudgûnen foldwaan. Wigbolt behold oant ein fan syn libben frije tagong ta de hof en mei safolle fruchten plukke en ite as hy woe. It hôf, wer Johannes Ofkes al earder de beamen fersoarge en behearde, stie fol mei fruitbeamen en sil in wichtige boarne fan fertsjinsten foar him west hawwe. Ein 1679 wenne hy yn 't kleaster fan Burgum. Út de argiven blykt fierder dat Johannes Ofkes ek ûntfanger en doarpsrjochter west hat. Yn maart 1673 blykt dat hy in ieuwige grûnpacht hie op de taperij op de Dam yn Burgum fan 2 goudgûnen.(2) Dizze pacht ferkocht hy foar 42 goudgûnen.(3) Fierder hie hy grûn yn Burgum.(4) Hy ferkocht dit stik lân oan Jacob van Vierssen. As hy it hús yn de Nijstêd ferkeapje wol, blykt dat hy skulden hie. Syn krediteuren protestearre nammentlik tsjin de ferkeap. Sy woene it jild hawwe.(5) Noaten 1) Nedergerjocht Tytsjerksteradiel 92, 27 july 1649, akte fan 14 25 oktober 1644. 2) Nedergerjocht Tytsjerksteradiel 54, blêdside 17, maart 1673. 3) Nedergerjocht Tytsjerksteradiel 54, blêdside 89, 1 maart 1675. 4) Nedergerjocht Tytsjerksteradiel 54, blêdside 265, 7 oktober 1678. 5) Nedergerjocht Tytsjerksteradiel 54, blêdside 297, 19 mei 1679. |