Person:Johannes Uffckes (1)

Browse
Johannes Uffckes
b.Bef 1550
d.Aft 1593
  • HJohannes UffckesBef 1550 - Aft 1593
  1. Ofke JohannesAbt 1580 - Abt 1641
Facts and Events
Name Johannes Uffckes
Gender Male
Birth? Bef 1550
Marriage to Unknown
Death? Aft 1593

Yn preester as âldfaar: Joannes Ufkes (ca. 1540 - 1593)

De âldst bekende foarâlder fan de Jagersma's út de Wâlden is in Joannes Ufkes, in yntrigearje persoan. Hy kaam yn 1561 foar as pastoar yn Garyp. Yn 1573 wie hy fikaris yn Easterein. Hjir stie hy ek noch yn maaie 1575. Nei alle gedachten waard hy op 12 july 1575 beneamd as pastoar yn Aldegea (S).(1) Hjir bleau hy pastoar oant de reformaasje.(2)

Tinkber wie hy de Johannes, die neamd waard yn it folgjende stik fan Twisk:

"...... ander papen bedrogh" ............................................. Hoe wel dattet omtrent dese tijt nauwelijck weerdigh is voor wat wonders te stellen dat een priester verscheijden boelen in een jaer conde teelen 2,3,4,5 of 6 kinderen soo en can ick ten minsten niet na laten dit tot een wonder ende snoede bloedtschande te verhalen: dat in den jare 1569 een paep ofte priester yn Ooster-ende in Vrieslânt, ghenaemt Iohannis bij een moeder en dochter verovert heeft drie kinderen. het gingh aldus in sijn werck: De moeder des priesters boel zijnde heeft een kindt gebaert, de dochter haer op de kraem bewarende is mede van den paep beslapen ende bevallen van twee kinderen binnens jaers ofte in 1570 ende is met al sijn godloos doen even wel paep ghebleven en dat hij een fel bitter gast teghen de religie was ter tijt toe dat den troubel quam doem worde hij van de geuzen verdreven en vluchte bij den Cornet, trock mede met Sweert, harnas ende gheweer als een crijghsman te velde ende wert der Geuzenduijvel ghenaemt. Daer na als de Geuzen het wederom verliepen soo is hij met het vlieghende vaendel weder in sijn dienst ghetelt. Hier sullen onghetwijfelt de oude luijden aldaer noch ghetuijghenisse genoegh van connen gheven. H.P.(3) Dit soe oer Johannes Ufkes gean kinne, mar dat blykt hjir net fuortendaliks út.

Neffens Schaik prosedearren de buorren fan Aldegea foar 1580 tsjin de biskop fanwegen in pastoarsbeneaming. Schaik tinkt dat dit miskien wol fanwegen de persoan fan Johannes Ufkes wie, om dat hy fyn roomsk wêze soe.(4) Sa as hjirboppe stelt witte we net of Johannes Ufkes wol "de geuzenduijvel" wie. Boppedat komt hy yn 1582, nei de reformaasje nei alle gedachten in pear kear foar yn de saneamde Quaklappen.(5) Yn 1585 blykte hy sels folmacht te wêzen foar Smellingerlân. Dit betsjut dat hy wis wat oansjen hie. Oant de beneaming fan de earste predikant omtrint 1595 yn Aldegea(s) liket hy ek de geastlike taken in Aldegea waarnommen te hawwen.(6) Yn 1582 waard hy hear Johannes Ofnius neamd, hear as beneaming foar geastlike. Letter prosedearre hy noch tegearre mei Lambert Frans, syn skoansoan.

Yn in enkête om de geastlike goederen te ynventarisearren út 1580 jout Johannes oan dat hy noch twivels hie oer it oergean nei de herfoarme tsjerke en dat hy him ek beriede woe of hy mei syn frou trouwe soe.(7) Joannes wie wat it net neilibbe fan it selibaat oanbelanget absolút gjin útsûndering. De measte preesters en pastoars yn Fryslân wenne mei in sabeare 'huishoudster' byinoar. Dizze húshâldster waard dan ek 'pastoorsche' neamd. Faak hienen sy ek bern, dit wie net bysûnder. Sjoch bygelyks it stik fan Spahr van der Hoek De ald-fryske pastoar as "troud" man en as boer.(8) Sa hie de pastoar fan Noarderdrachten 13 bern.(9) Nei alle gedachten is Johannes Ufkes úteinlik tôch nei de herfoarme tsjerke oergien.(10) Neffens van Burmania is hy nei 1593 stoarn.

Neist syn wurk as preester buorke Johannes Ufkes ek. Yn 1578 hie hy twa kij.(11)

Noaten

1) Mei tank oan de hear O. Roemeling. Pastoar yn 1561 yn Garyp neffens it hânskrift van Burmania. Fikaris yn Easterein, 6 jannewaris 1573 (Hânskrift. Frysk Genoatskip 337a) yn 1574 (Nedergerjocht Hinnaarderadiel K5, blêd 127), 30 septimber 1574 (Nedergerjocht Hinnaarderadiel 40, blêd 67), maaie 1575 (Nedergerjocht Hinnaarderadiel 40, blêd 11). Pastoar yn Aldegea, beneaming 12 july 1575 (RA Utert, argyf Kapittel St. Jan 1168). Van Burmania (PB, 1013 Hs.) neamd him ek in 1575 pastor. Hy is stoarn nei 1593 (van Burmania). Van Burmania neamd him ek as pastor yn 1578 yn Garyp, mar dat liket net wierskynlik, hy is nammentlik pastor yn Aldegea yn 1575 en 1580 (en yn 1581 âld pastoar). Boppedat kaam yn 1578 yn Garyp ek in oarenien as pastoar foar. 2) Reitsma, blêd 151: Oldega den 11 january 1581. Pastorie. Huis, hoff en schuir met 't heem affter end voer, twelc nu de pastoir Joannes Uffkesz. noch gebruckt mei sekere 4 madt maeden opt gaelânt. 3) Pieter Jansz. Twisck. Chroniick van den Ondergangh der Tyrannen, Ende de Jaerlijcksche Geschiedenissen in Weereltlijcke ende Kercklijcke Saecken, twadde diel. Hoorn, 1620, blêd 1256b. Neffens Reitsma yn in noat by de Opkomsten Oostergo, Ljouwert, 1888, blêd 152 giet it hjir oer Johannis Ufkes. Dit blykt net út dizze tekst. 4) Smallingerland, blêd 28. 5) Quaklappen, Hof fan Fryslân, 16700, blêd 21 (1582), blêd 65 en 69 (1582), 16701 blêd 118 (1585). 6) Bekkema, blêd 54 en 138. 7) Smellingeraland, blêd 209.; Reitsma, blêd 153: De pastoir begeert hem so fan sin frow yn echtigen als de reformatie yn anvaerden noch yn beraden. 8) Sjoch Spahr 1. 9) Reitsma, blêd 157: Bartolomeus Nicolai gewesen pastoir hefft vertoent request, dat sin frow is 2 jar doet gewest en hem 13 kinder nagelaten…. 10) Bekkema, blêd 54. 11) Personele ymposysje 1578, Oldegae: De pastoor hebbende maer twe koijen heeft gegeven 3 caroligulden.