Family:Gerard Feringa and Eelkje Hiemstra (1)

Watchers
Facts and Events
Marriage[1] 12 May 1913 Franekeradeel, Friesland, Netherlands
Children
BirthDeath
1.
2.
References
  1. Huwelijken, in Franekeradeel, Friesland, Netherlands. Burgerlijke Stand
    akte 14, 1913.

    Huwelijksakte Franekeradeel, 1913
    Man  : Gerard Evert Feringa, oud 24 jaar, geboren te Herbaijum
    Ouders: Gerrit Everts Feringa en Johanna Petronella Poederbach
    Vrouw : Eelkje Hiemstra, oud 21 jaar, geboren te Herbaijum
    Ouders: Jouw Hiemstra en Saapke Feikema
    Datum : 12 mei 1913, akte nr. 14

  2.   KLOKSTRJITTE I

    Oan 1913 ta hawwe de famyljes Van
    Duinen en Koopmans yn dit hûs by it Bosma’s
    plein in ‘lapkewinkel’ hienen en dat se yn dat
    jier de ‘zaak in manufacturen, garen, band,
    gemaakte goederen enz.’ ferkocht ha oan G.
    E. Feringa. Yn it hûs wie in ‘ruime winkel met
    paskamertje, voor- en achterkamer, werkplaats,
    ruime zolder, enz.’ Foar dit ferhaal gean ik hjir
    fierder by Feringa yn it jier 1913.

    Feringa
    Gerard Evert Feringa (1889-1960) en syn frou
    Eelkje Hiemstra (1891-1986) kamen beide fan
    Hjerbeam. Se binne yn 1913 troud en de tûke
    sakeman (en keatser!) Feringa wist tegearre
    mei syn frou it bedriuw yn Holwert stadichoan
    út te wreidzjen. Seis jier hat de famylje oan it
    Bosma’s plein wenne en de âldste fan de twa
    bern, Gerrit, is dêr yn 1915 berne. Fan him
    wurdt ferteld dat er as lyts jonkje wol ris in
    skoftsje bûtendoar delset waard yn de lytse
    romte achter it stekje lyk neist de foardoar.
    Dan koed er net fuortrinne. Dat stekje is der
    noch.

    Yn it foarige nûmer fan de Doarpsbel hat
    de redaksje in prachtige foto opnommen fan it
    Bosma’s plein yn dy jierren. Oan de gevel fan it
    hûs fan Feringa is oer de hele breedte in boerd
    fêstmakke. Dêr stiet wat op, mar de foto is
    no te bleek om de letters lêze te kinnen. Wit
    ien wat dêr stien hat?

    Yn 1919 sette kastlein
    Willem van der Weg syn loazjemint ‘De Witte
    Zwaan’ oan de Foarstrjitte te keap. Der wie net
    in nije kastlein te finen dy’t dêr brea yn seach en
    doe hat Feringa dit âlde en grutte gebou kocht.
    It wie in stik rommer as it hûs oan it Bosma’s
    plein en it lei op in gaadlik plak. De manufakturewinkel fan de famylje Feringa hat hjir noch
    in lange rige fan jierren festige west. De saak
    krige de namme Magazijn “De Zwaan”. Mar wa
    kaam doe yn de winkel oan it Bosma’s-plein?