|
Facts and Events
References
- LYKLE GJOLTS, is 33 jier en sersjant yn garnizoen to Axel. Hy is mei forIof by Arien Claeses (Sterk), boer ûnder Terkaple. Op 28-9-1786 geane hja meielkoar nei Joustermerke. Fan De Jouwer fart Lykle mei de snikke nei Goaijingaryp hwer't er him omstrings 3 ûre fan Tjitze Jans oersette lit, in boer dy't ticht by de tsjerke wenne. As er wer to Terkaple komt is de boer al thús, mar der is ynbrutsen. Der mist goed 100 goune oan jild, in âlderwetske sulveren riem fan de frou, Aafke Pieters, en it bûshorloazje fan Lykle dat er de frou yn biwar jown hie. En nou wurdt Lykle der fan biskuldige dat hy ynbrutsen en stellen hat. Hy seit dat der gjin sprake fan is en wurdt ûntslein. (268-4-10-1786)
|
|