|
Facts and Events
References
- Fan Waling Buwes of Barthouts út it slachte Wassenaar witte wy spitigernôch net folle. Hy wie boer op lân oan de Nijebiltdyk fan de hannelsfamylje Ket, oarspronklik út Harns. Yn 1661 is er kurator - 'curator ad actum divisionis vaderlijke goederen' - oer de bern fan Maertie Buwes (sa. 1636-1671), ien fan syn susters. Yn 1662 komt er foar as 'doopsgezind'.5 Suster Maertie hie troud west mei Job Cornelis en trout op 4 juny 1665 opnij, no mei Gerrit Rommerts fan Sint Jabik.6 Sy stiet dan notearre as 'Maartie Buis', 'weduwe van Job Cornelis'.
|
|